29

blommen en fantasij-figueren derop printe. Gjin wûnder dat dy stoffen yn de moade kamen. En ek nea wer út de moade rekke binne – it saneamde ‘sits’. De bekendste foarbylden fan dy moade wiene de Hylper froulju. In protte Hylper manlju waarden nammentlik kaptein foar de VOC-reders en hja foeren op it fiere Easten. Op de weromreis namen hja as hannelswaar in protte fan dy prachtige bedrukte katoenen stoffen mei. As dy Hylper kapteins wer oankamen yn Amsterdam nei sa’n fiere reis, opwachte troch harren froulju, en daliks útbetelle waarden troch harren reders, wat tochtst dan dat harren froulju kochten? Krekt ja, sokke moaie fleurich beprinte katoenen stoffen. Mei as resultaat de kleurige fleurige Hylper dracht. Margriet hie net allinne ûnderguod, rokken, mûtskes en earizers fan eartiids meinommen, ek in ‘modern’ foksebontsje wie ien fan de attributen. Keninginne Wihelmina koe der net sûnder! Mar it stie Ada ek keninklik! Krekt as it earizer dat Nynke-Rixt opset waard. Ja, har lange hier hie dan wol in koartknipt prúkje wurde moatten, want mei in earizer meist gjin hier sjen… Foksebontsje of earizer, it dragen dêrfan hat miskien net altyd praktysk of noflik west, mar moade is moade, dêr hoechst gjin wurden oer smoarch te meitsjen. En it ferhaal dat sokke foksebontsjes de fliën fan de draachster oanlutsen? Oft dat wier wie, is fansels tige de fraach. Ik ha Keninginne Wilhelmina der nea oer heard… Lys Scarse Mandeguod 27

30 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication