10

Yn en om de âld pleats oan de Dokter Fokkewei. De wetterskipspream wie harren fakânsjeskip: heit hie der in ramt mei in stik seildoek op timmere sadat der in drûch ûnderdak wie, der waard strie yn de pream brocht om as bêd te tsjinjen, oer it strie waarden kleden lein, dêr kaam lekken- en tekkenguod boppe op, en sjedêr: it komplete fakânsjegefoel! Mei har suske Zus, har âlden Symen en Gryt, mei omke en muoike en harren twa famkes, in hiele útris. Alle kleanboel yn de hutkoffer dy’t tagelyk as tafel tsjinne, in petroaljestel foar de iterij, fiskje yn de feart foar it jûnsmiel en alle dagen moai waar. Der siet net in moter op de pream – dat betsjutte dus dat it skip gewoan noch troch de feart lutsen wurde moast! Alhiel nei Terherne! Sa binne de oantinkens oan Eelkje’s fakânsjes yn har bernejierren... Sûnt de earste libbensjierren fan Eelkje van der VeenJongstra is de wrâld hiel wat feroare. It is al wer in aardich skoftke lyn dat Eelkje’s namme yn it berteregister byskreaun waard: novimber 1934. Gjin 18 mear dus. “Mar dat sjogge je der net oan”, grapket Eelkje fleurich! Hat se it grutste part fan har libben deun by it kafee wenne, se is berne oan de Skillaerderdyk, nûmer 8. It hûs dêr’t Wouter en Djo Fopma jierrenlang wenne ha, en wêr’t no Skelte Anema mei syn jonge húshâldinkje delstrutsen is. Mar omdat har heit Symen Jongstra in frachtauto hie, moast hy earne wenje dêr’t dy frachtauto parkeard wurde koe. It waard ‘de âld pleats’ - de grutte kop-halsromppleats oan de Dokter Fokkewei. Se wiene yn 1938 net de iennichsten dy’t yn dy pleats har domisily hiene! Eelkje Jongstra in het ledikantje in het huis aan de Skillaarderdyk De Jongstra-famylje hie de ‘kop’ en de ‘hals’ en in part fan de ‘romp’ ta harren beskikking; de frachtauto fan heit Symen stie kreas op de reed yn de skuorre parkeard. In keammerke yn de romp waard troch Meintema, de eigener fan de pleats, as kantoar brûkt. Fierders wennen der noch: Hans en Stien Kalma mei de twa dochters Ytsje en Geeske, Gabe en Kee de Jong mei dochter Christina, en hielendal achteroan yn de romp Albert en Tryntsje Kooistra mei harren twa 8 Mandeguod Grietje Rinsma, Sijmen Jongstra, Eelkje en Zus

11 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication