bern Theunis en Riemy. En yn de oarloch moast der ek noch wat opskood wurde, want Gjalt Popkes en Afke Huizinga kamen mei harren bern yn de ‘kop’ te wenjen. De Jongstra’s moasten doe opskowe nei de hals en in part fan de romp fan de pleats. Op in stuit wennen der alles meiïnoar mear as 20 bern en folwoeksenen yn de âlde pleats! Eelkje wie ek net langer allinne: se hie yn 1939 in suske der by krigen. Riemke wie har offisjele namme, mar se waard altyd Zus neamd. Der hat ek noch in broerke west, lytse Jurjen, mar dy is fertrietlik genôch mar trije dagen âld wurden. De privacy yn sa’n pleats mei in stik of fjouwer, fiif húshâldings wie fier te sykjen fansels. Dêr hie men Eelkje en Zus Jongstra lykwols doe wol in remeedzje foar: heit Symen hie tsjin de wand tusken harren en de buorlju in muorke fan turf opboud. De lûden fan de neiste buorlju waarden dan yn alle gefallen in bytsje dimd… Mar ja, doe’t de oarloch kaam en iten en brânstof krapper waard, hellen Zus en Eelkje bytsje by bytsje dy turfmuorre wer del, om dochs noch wat waarm stoke te kinnen. Hoe dan ek, it hie ek wer wol wat, en boppedat: jo moasten ek meiïnoar troch de tiid. Bytiden wiene je ommers ek fan inoar ôfhinklik. En heibel siet nimmen op te wachtsjen… Eelkje wit noch dat it pleatske op Hoxwier destiids ek troch twa famyljes bewenne waard, mar hja koene inoar net snuven heare... Doe’t de beide haadbewenners inoar ris op de fyts op it doe noch tige smelle binnepaad tusken Hoxwier en de buorren tsjinkamen, woe de iene net foar de oare wike. It waard in patstelling tusken de beide hearen en harren fytsen. De plysje moast der oan te pas komme om de saak wer wat del te bêdzjen. De moraal fan dat ferhaal wie dúdlik: kinst it better wat meiïnoar skikke… Yn de oarloch wie it ek wichtich dat je in skûlplak hiene, hoe ienfâldich dan ek. It skûlplak yn it hûs fan de Jongstra’s wie in doarke yn it bedstee dat útkaam yn it bedstee fan de neiste buorlju, de Huizinga’s. Simpel, simpel, tinkst dan miskien. Mar waarmtekamera’s mei ynfraread ljocht bestiene doedestiids noch lang net, in skûlplak achter in kast of in bedsteewand wie doe noch effektyf genôch. (Fernuverest dy hjir miskien oer, mar as de BB-bunker yn Grou wer ris in iepen dei hat: gean der hinne en ferbaas dy oer de ‘simpele’ maatregels dy’t jierrenlang yn Nederlân opset binne om de fijân fóár te wêzen…) Ek al wie se yn 1940 noch mar in jong famke, Eelkje kin har de oarloch noch goed herinnerje. Foar har begûn it mei de soldaten dy’t op ‘e dyk foar de tsjerke lâns marsjearden. Eelkje wit noch hoe’t se achter it rút mei har mem Gryt stie te sjen. As der letter soms razzia’s wiene en Dútske soldaten de huzen Mandeguod 9
12 Online Touch Home