12

trochsochten: gjin wûnder dat sa’n jong famke dan deabenaud wie. Ek dy kears dat it fleanfjild yn Ljouwert besketten waard. “We moasten allegear ûnder de bêden yn de keamer lizzen gean… Dy besjittings jûgen in alderheislikst leven, wylst wy doe noch net presys wisten wat der geande wie,” sa wit Eelkje noch. De bewenners fan de pleats kamen lykwols dochs wol oan harren nijsberjochten: op de hoannebalken yn de skuorre stie de radio dêr’t hja meiïnoar gebrûk fan makken. Elke húshâlding hie doedestiids syn eigen wize om troch de tiid te kommen. Der wiene ek noch in protte lytse winkellju. Hans en Stien gongen bygelyks mei de brijkarre by de huzen lâns. Hja wiene al minsken op leeftyd – de foargongers fan de lettere molkboer Jan Bylsma. Gabe wie ‘huismeester’ by de Van der Hems, dy’t op de grutte pleats oan De Kamp wennen, de pleats dêr’t Jan Bottema no buorket. Albert Kooistra hie wurk by de Halbertsma-fabryk yn Grou. Eelkje’s heit Symen wurke foar de gemeente en foar de brânstofhannel fan Hoekstra yn Easterwierrum. Boppedat brocht hy mei syn frachtauto de molkbussen fan de boeren nei de molkfabryk. Mar op in dei waard de frachtauto troch de Dútsers foardere en wie de skuorre leech… It lege plak yn de skuorre waard doe mar brûkt foar de opslach fan it strie fan Sibbele de Boer. Foar heit Symen bruts doe in oare tiid oan: hy krige in baan by it wetterskip ‘De Oosterwierumer Oudvaart’. Sadwaande waard doe de skuorre en it bûthús fan de âld pleats troch it wetterskip hierd fan eigener Meintema. En sa kaam it dus dat Eelkje letter sokke moaie jeugd-fakânsjes hie op dy pream fan it wetterskip! It deistich libben wie eartiids miskien wat oersichtliker as no, mar it wie ek in hiel gebealch. Tink allinne mar ris oan de húsketontsjes dy’t elk hûs ‘ryk’ wie. Alle wiken moasten dy lege wurde op de dwinger, earne op it Nijlân, achter de Hegedyk. Ek it ferbouwen fan eigen griente naam uteraard in protte tiid yn beslach. It plak dêr’t no De Wjukken stiet, wie destiids in hoeke bou foar soksoarte bodderij. Ek foar de húsfroulju wie it eartiids oanpoatsjen! It iten moast op petroaljestellen gearmakke wurde. Eelkje’s mem hie twa grutte petroaljestellen en in ienpitterke op it oanrjocht yn it achterhûs. En mei in koaltsje yn it komfoar koe se hearlike eigenmakke sûpengrottenbrij siede. Letter koene je by de brijkarre fan Jan Bylsma de sûpengrottenbrij kant en klear út de molkbus taapje: mei it mingel waard de sûpenbrij sa yn dyn pantsje getten – wat in gemak! Mar earlik is earlik: der gong neat boppe dy eigenmakke sûpenbrij! Ien fan de beuzichheden fan de húsfrou wie uteraard it wekken fan griente en fruit. Koelkasten en frieskisten hie men noch net, dus moast der in oare manier fûn wurde om it itensguod goed te hâlden. En om te bewizen dat soks hiel lang 10 Mandeguod 4 februari 1944 werd het vliegveld Leeuwarden gebombardeerd

13 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication