4 Mandeguod “Beppe, waarom staat die kerk zo dicht bij jullie huis?” frege Sjoerd ferline wike. Hy hie de hiele middei yn de tún boarte en dan hearst fansels iderkear de toersklok slaan. Foar ús heart dat der by, mar foar in jonkje dy’t yn in bûtenwyk fan Swolle wennet is soks oars. Dat doe ha Sjoerd en ik it der even oer hân: it is fansels krekt oarsom: de tsjerke as middelpunt fan de mienskip, by heech wetter en yn oarlochstiden in taflechtsoard en de huzen dêr smûk omhinne boud. It hat troch de iuwen hinne yn alle mienskippen itselde systeem west: de tsjerke as middelpunt. Wie it geloof eartiids de binende faktor, hjoeddedei is in tsjerke eins folle mear as dat. Sjoch ommers mar nei de Mantgumer tsjerke: der wurde uteraard tsjerketsjinsten yn holden, der wurde konserten yn jûn, it jout plak oan it startevenemint fan ‘Tusken Tsjerke en Kroech’, it jout romte foar tryste oangelegenheden sa in begraffenis, mar der binne noch folle mear gelegenheden dêr’t de tsjerke in rol spilet. Fan ’t simmer jout de tsjerke bygelyks wer romte foar ‘Tsjerkepaad’. De tsjerke is dan de hiele simmer sneontemiddeis iepen foar elk wa’t dat wol. (Foar de nijsgjirrigen ûnder jimme: 2 july is de earste Tsjerkepaad-sneon.) ‘Tsjerkepaad’ hat yn Mantgum twa jier lang stil lein yn ferbân mei koroana, mar ek yn ferbân mei de restauraasje fan de tsjerke en it oargel. Mar no sette se wer útein en omdat se dan sneontemiddeis iderkear twa frijwilligers ha moatte, siet ik by de ynformaasjejûn. In hiel ynformative jûn, en elk dy’t dêr siet hie der sin om ien of mear sneonen mei te draaien yn Prakkesaasjes fan de redaksje
5 Online Touch Home