11

Wat hat de HoxWiersterMerk yn 2019 opsmiten? It brulloftsfeest fan ús Tsjimk en André ein maart wie noch net iens begongen of ik stroffele al oer in drompel en foel langút oer de flier. ‘k Fielde it wol: skouder blesseard… “Wel”, seit Tsjimk optimistysk, “der moat altyd wat mis gean, mem! Dan ha we dat no mar hân!” En dat wie sa: der is fierders neat mis gongen. En myn skouder? Och, mei fysio en oefeningen is dat al wer aardich bylutsen… Ja, der wie dus ek wat mis gongen mei ús blomkes foar de HoxWiersterMerk: de blommeferkeaper koe gjin beltsjeblommen krije... En we hiene it jimme noch wol sá beloofd: geraniums en beltsjeblommen. Nee dus. Mar de blommeferkeaper hie uteraard foar in oplossing soarge: hy hie petunia’s yn ferskate kleuren foar ús meinommen. Lytse Ike en Melle gongen dan ek beide foar in knalrose petunia! Alle jierren geane der 6 ploegen mei in karre fol blommen troch de buorren en ek dit jier hawwe de measte blomkes in goed plakje fûn. Ek dy lêste geraniums dy’t nei ôfrin fan de jûn noch yn Gjalt syn auto op de huoddeplanke stiene. The question was: wa hie dy blomkes besteld??? Mar ek dat probleem is oplost en ek dy blomkes binne op it goede adres telâne kommen. Undanks it feit dat de BTW ek foar blommen omheech gien wie – wat de ynkeapspriis omheech treaun – en wy gewoan oan ús ferkeappriis fan in tientsje fêsthâlde, hat de aksje moai wat oplevere. De opbringst wie dit jier in bedrach fan € 1.326,34 foar de Wjukken. Sa as alle jierren is de opbringst fan de HoxWiersterMerk foar it opkreazjen fan it ynterieur fan de Wjukken. Yn 2020 hoopje we wer sa’n ferkeapjûn foar de Wjukken te hâlden. We organisearje dat alle jierren mei syn trijen – net dat it in soad wurk is, mar it is altyd nofliker om it wurk mei syn trijen te ferpartsjen as mei mar twa minsken. Ruerdtsje hat al in jier of wat oan de organisaasje fan de HoxWiersterMerk meidien en sy wol no graach it stokje oan in oar oerdrage. Dêrom ús oprop: hokker frou of man wol takomme jier mei Maaike (tel. 058 – 254 2051) en Lys (tel. 058 – 250 1479) de blommeferkeap organisearje? Net tinke dat it in heidens kerwei is: in pear kear byinoar komme en wat oer en wer maile en uteraard dy jûns sels yn ‘t spier. En net te ferjitten, goeie arbeidsbetingsten: op it ein fan sa’n ferkeapjûn stiet der hearlike waarme patat, kroket, slaad en appelsmots foar alle ferkeapers klear! De HoxWiersterMerk-kommisje, Ruerdtsje, Maaike en Lys. Mandeguod 9

12 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication