15

4 maaie betinking 2019 Sneontemoarn 10.00 oere Skillaerd. It is roet kâld, der stiet in hurde noarderwyn en de bern dy’t nei Skillaerd fytse om ús to helpen, krije in dikke bui op’e kop. Mar dat jout alleagerre neat, se binne der en helpe geweldich mei om it tsjerkhôf spik en span to meitsjen. Yn in oere tiid wurdt der troch de groep fan sa’n 15 minsken, bjint, droege, fage en ôffal opromme. Wilens ha ik it der mei de bern oer: wa lizze hjir eins, wat stiet der op it ynformaasjeboerd, werom fleagen se nei Dútslân ensafierder? It is goed om mei in bjinder yn’e hân, mei de bern út to wikseljen oer oarloch , frijheid en wat bestjut dat no foar ús. Sneontejûn 20.00 oere Skillaerd. De wyn is lizzen gongen, de sinne skynt ús te mjitte as we yn in lange, stille rige nei Skillaerd rinne. Sjirk en Tyme út Mantgum drage dit jier de krânse, Marten en Grytsen út Easterwierrum it blomstik. Om 20.00 oere spilet Sepkje út Weidum de Last Post en binne wy 2 minuten stil. Stil foar de bemanning fan it flean-túch en foar alle oare slachtoffers fan de oarloch. Friso Douwstra leit út namme fan de Gemeente Ljouwert de krânse. We rinne yn in lange, stille rige noch in slach om it tsjerkhôf. Ik sjoch dat der dit jier in hiel protte bern meirinne. Dat makket my bliid. Wurkgroep 4 & 5 maaie Mantgum/ Skillaerd Gudula van Beem Mandeguod 13

16 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication