ÚTNOEGING FOAR DE LEDEGEARKOMSTE FAN RESITEARKOLLEEZJE FRISIA1874 De jiergearkomste fan it Resitearkolleezje Frisia1874 wurdt holden op woansdei 19 juny 2019 yn De Wjukken en begjint om 20.00 oere 1. Iepenjen 2. Meidielings en ynkommen stikken. 3. Evaluaasje fan Tusken Tsjerke en Kroech fan 6 april 2019. 4. Ferslach fan de ledegearkomste fan 8 maaie 2018. 5. Jierferslach fan de skriuwer oer it toanielseizoen 2018 - 2019 6. Finânsjeel jierferslach 2018-2019. 7. Plannen fan Frisia1874 foar it nije seizoen. Foarearst hawwe wy in 9de edysje fan TTeK setten op 4 april 2020. Mar wat wolle de leden? Wurket de formule Tusken Tsjerke en Kroech noch? Kin der wat feroare wurde? Moat der wat feroare wurde? Wy hearre graach de miening en de ideeën fan'e leden. 8. Wat fierder op it aljemint komt. Dus net stinne: Hinne! Leden fan Frisia, spilers, artysten, itensieders, gidsen, lokaasjehâlders en dielnimmers fan Tusken tsjerke en kroech, binne fan herte wolkom! It bestjoer. Frisia1874@gmail.com Mandeguod 37
40 Online Touch Home