49

BIS spylet MacBeth! No, dit binne se dus, MacBeth en syn frou. MacBeth is de sjef fan Skotlân State, in super twa stjerren restaurant. Hy is de top-kok en de baas oer poerbêst keukenpersoniel. Syn frou, lady MacBeth, stipet him yn alles. De foarsizzing dat MacBeth in tredde stjer krije sil, set alles yn beweging. Wat goed wie, wurdt oan de kant skowt foar ambysje en macht. It wrâldferneamde ferhaal fan Macbeth is tragysk en humoristyks yn ien. En it is foar de bern en likegoed foar it publyk, in spegel. Want eintsjebeslút is der genôch foar eltsenien, genôch iten, genoch stjerren, genôch freonskip en genôch leafde. De fjouwer Mantgumer bern dy’t dit jier meispylje yn BIS, ferwolkomje jimme graach yn restaurant Skotlân State. Lyanne, Tinke, Rianne en Noëz kinne hast net wachtsje, sa sjogge se dernei út. Komme jimme ek? Se spylje foar jimme MacBeth op 20, 22, 23, 26, 28 en 29 juny yn Easterwierrum. Reservearje no jo plakken yn it twa stjerren restaurant Skotlân State. Kaarten kinne jimme bestelle fia www.berneiepenloftspul.nl Oant sjen, Gudula van Beem, mem fan Noëz Mandeguod 47

50 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication