Dankbetuiging Al dy hannen op ús skouders makket dragen lichter. De maaitiidsdei fan 18 maart 2019 lit him sa moai oansjen, mar yn Utert slacht healwei de moarn alles om en is de spanning te snijen. En dan wurdt dúdlik dat Gerbrich har grutte libbensmaat en de heit fan harren bern Rinke net werom komt. Mei help fan in soad freonen fan Rinke en Gerbrich is in weardefolle ôfskiedsgearkomste organisearre. Protten minsken ha ús witte litten mei te libjen: in hân op it skouder, in elkoar moetsjende blik, in blomke, in krûpke, in kaartsje as troch efkes by ús del te kommen. Dat stimt ús tankber en set ús oan om wer op fuotten te kommen. Ek út namme fan ús bern en bernsbern hertlik tank! Gjalt en Ruerdtsje Kuperus www.mantgum.com Mandeguod 7
10 Online Touch Home