Hoe bist by it “bene-iepenloftspul” kommen? Ik die foarich jier ek al mei en derfoar siet ik altyd by BIS op de tribune. Hast ek noch oare leafhebberijen neist it toanielspyljen en welke binne dat dan? Ik hâld tige fan fuotbaljen. Dochst ek wat oan muzyk, bespilest in ynstrumint? En welke muzyk fynst moai? Myn stim! Ik sjong graach en spylje piano. Einliks fyn ik alle muzyk wol in bytsje moai. Wolst oars ek noch wat fertelle? Ik fyn it super leuk dat ik yn Mandeguod kom! 3. Wa bist do? Ik bin Pien van Eerde en ik bin 9 jier. Ik wenje op de Seerp van Galemawei 33 mei myn suske Iris en myn broer Nieck en mei myn mem Marjan en myn hûn Boris. Ik ha altyd yn Mantgum wenne mei myn famylje. Nei welke skoalle giest en yn welke klas sitst do? Ik sit op de Gielguorde yn groep 7. Sprekst en skriuwst neist it Nederlânsk ek yn it Frysk? Ik skriuw en sprek fansels noch wol op skoalle Frysk mar thús en by freondintsjes net. Hoe bist by it “berne-iepenlofspul” kommen? No, ik sit sels op toanielspyljen yn Snits en de freondinne fan myn sus dy die ek mei dat ik tocht it is grif wol leuk. Hast ek noch oare leafhebberijen neist it toanielspyljen en welke binne dat dan? No, ik dûnsje graach en ik sjong mar ik tekenje ek en fyts en kuierje mei myn famylje. Dochst ek wat oan muzyk, bespilest in ynstrumint? En welke muzyk fynst moai? Ik bespylje net in ynstrumint mar sjongen fyn ik wol leuk. Ik hâld fan popmuzyk lyk as Ariana Grande of Lil'kleine. 10 Mandeguod
13 Online Touch Home