Mantgumer liet In mûts op ‘e kop myn kraach stiet omheech 't libben yn 'e stêd dat falt my sa dreech De dagen bin hjir lang it lûd stjert hjir net Fan efkes by dy te wêzen Ha 'k o sa'n ferlet As ik nei myn hotel rin nei in te drokke dei dan fiel ik djip yn myn broeksbûse ús kaai (1) En ik rin hjir allinne yn in te drokke stêd nea hie'k sa’n langstme nei myn eigen bêd (2) En de minsken mar prate it lûd stjert hjir net en dan tink ik oan Mantgum, want dêr leit myn hert (lyts tuskenstikje - kazoo) Ik mis hjir de waarmte fan ús doarpskafee de útspraak fan minsken mei in hurde G Tusken Tsjerke en kroech, giet it soms wat healwiis mar bin ik yn Mantgum fiel ik my echt in Fries (tuskenstikje - kazzo: 1 koeplet) de greiden, it keatsen aaisykje potstro mar it moaiste oan Fryslân bisto, dat bisto (1 en 2) En ik rin hjir allinne yn in te drokke stêd nea hie'k sa’n langstme nei myn eigen bêd En de minsken mar prate it lûd stjert hjir net en dan tink ik oan Mantgum, want dêr leit myn hert (1 en 2) La la la ...... en dan tink ik oan Mantgum, want dêr leit myn hert it noarden mei wyn de greiden mei kij dêrom fiel ik my it bêste by dy (1 en 2) En ik rin hjir allinne yn in te drokke stêd nea hie 'k sa’n langstme nei myn eigen bêd En de minsken mar prate it lûd stjert hjir net en dan tink ik oan Mantgum, want dêr leit myn hert Mandeguod 13
16 Online Touch Home