39

BBQ-partij KF Jacob Klaver 8 maaie 2016 Wat in fantastysk waar op dizze BBQ-partij, likernoch 25 graden dan kin sa'n dei slochtwei net stikken. Út de opjeften foar it keatsen en barbecuen koene jo opmeitsje dat eltsenien der in protte sin oan hie. Baukje en Lyssa hiene de partoeren yndield yn in Manlju’s klasse (10 partoeren, 27 manlju) en in Froulju’s klasse (5 partoeren,10 froulju). Op de barbecue wienen sa’n 100 man! It wie in aardichheid sa moai at der keatst waard, leden dy’t dizze dei net oanwêzich wiene in oanrieder: kom it oare jier ek, sa’n barren wolle jimme net misse. Foar de bern wie der fansels ek wer in springkessen, de hiele dei ha hja dêr yntinsyf gebrûk fan makke. Fan sa'n dei tige warber te wêzen wurde jo hartstikke roppich, dat der waard in protte fleis, slaadsjes ensafuorthinne nei binnen wurke, alles ûnder it geniet fan in “blonde rakker”. Spitich dat Pier sa gau ôfheakke. De barbecue en de tinte binne ek dit jier wer fersoarge troch ús sponsor Wiersma Tentenverhuur-Partyverhuur-Catering. Ek no wer wie it tige by tige. Priiswinners: Manlju’s Klasse: 1e priis: Jelmer Jonker en Jesse Cuperus. 2e priis: Jan Heida, Rutger Fopma (jr) en Jurian Tolsma. 3e priis: Johannes de Jong, Jouke Bonekamp en Pieter Klaversma. Froulju’s Klasse: 1e priis: Elaine Reitsema en Lineke Fopma. 2e priis: Baukje Stienstra en Hinke Fopma. Jeugd: 1e priis: Tjitte Reitsma en Thyme Jonker 2e priis: Andries Geertsma en Hilde van der Zwaag Mandeguod 37

40 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication