Sjoch mar ris nei Ljouwert. Oan it Stasjonsplein is in prachtich moaie brûnzen byldsje fan in jonkje, (yn de jierren santich fan de foarige ieu oan de stêd skonken troch de ek al net mear besteande Friese Bondsspaarbank). It byld is rûch út de grûn skuord. Wêr is it bedarre? Ik kin it jim net sizze. It die my oan de flechtelingen tinken. Wat hie dit in moai symboal wêze kinnen, foar al dy earme minsken, dy’t sûnder wurk, iten en drinken op’e dyk steane en nei de itensbanken ta moatte om te oerlibjen. En foar alle flechtelingen, dy’t om in feilich hinnekommen sykje moatte. It Europaplein ek sa’n foarbyld. Foar de measte omwenjenden en gebrûkers hoecht it plein net feroare te wurden mar ûndertusken binne alle beammen kapt. de prachtige Fenix (yn de sechstiger jierren fan de foarige ieu by de iepening fan it plein skonken troch de net mear besteande Súvelbank) fuort helle… Kulturele Haadstêd?… wêr hawwe se it oer. De kultuer wurdt letterlik en figuurlik gewoan / sûnder fierder op of om te sjen fan de sokkels reage. No wurdt troch de gemeente oanjûn dat al dizze monuminten wer op harren plak werom komme. Wy sille it sjen mar ik tink dat foar 2018 dizze ikoanen net op harren sokkel stean te pronkjen en dat d’r Suske en Wiske iisfonteinen foar werom komme. Dat soe dochs prachtich wêze net?…. dy nije kultuer. No wit ik net hoe’t ik it haw en oars moatte jimme d’r mar wat fan sizze mar ik krij fan my sels de yndruk dat ik oan it troch slaan bin. Ik mei my wol efkes yn de wangen knipe. Dream ik dit of belibje ik dit werklik en slaan ik wartaal út? Ik tink dat it foar my en ek foar jimme ferstanniger is, dat ik dit wurk net mear doch. Wat moatte je no mei sokke healwize negativelingen. Dêr kinne je ommers neat mei. Of mei’k bliuwe en troch gean..… jimme sizze it mar hear........ ik bin sa fuort! No bin ik oer it generaal net sa negatyf hear…… begryp my goed. Ik sjoch noch wol de sinne skinen. Mar it bliuwt frjemd dat d’r fan alles betocht wurdt sûnder dat d’r eins nei de miening fan de minsken frege en harke wurdt. No wit ik ek wol, al dy mieningen kinne de útfiering fan plannen ek behoarlik blokkearje, mar dochs. Yn in demokratyske mienskip, meie wy dochs mei tinke en beslúten nimme? Mandeguod 41
44 Online Touch Home