45

No is it fansels ek sa…dat yn dizze digitale wrâld ek bûten de wurklikheid om, bytiden frjemde dingen dien wurde. En dan is it mar krekt wat jo hjir mei dogge. It hinget folslein ôf fan jo eigen ynteresse nei dy digitale informaasje ta en as jo dizze ynformaasje tsjin komme, ek lêze en brûke wolle. Sa kaam ik okkerdeis yn petear mei in (kin ik wol sizze) in aardich yn it sâltbebiten Mantgumer. Ik frege: “Soest do wol ris wat yn de Mandeguod skriuwe wolle ûnder it kopke “Hette jout de pinne oan?” De reaksje wie (en dat hie ik ek fan dizze Mantgumer ferwachte) posityf. Myn folgjende fraach wie: “Wolst, as’t it klear hast, dat dan nei myn emailadres stjoere?” It antwurd wie: “Dêr doch ik net oan!” Ik frege: “wêrom net?” Ynienen waard der in timmermanspotlead út de bûse wei tsjoend. “Sjoch Hette”, wie de reaksje, “dit is myn emailpotlead. Ik doch neat digitaals want dan reitsje ik it kontakt mei de wiere minske kwyt”. “Dy digitale wrâld dat is my neat wurdich. Der wurdt fan alles skreaun mar men sjocht elkoar net mear yn’e eagen. Boppedat ferslappet hjirmei ek it sosjale libben!” “Dan silst do ek wol gjin facebook hawwe?” wie myn fraach. “Facebook?” wie de reaksje. “Ja”, sei ik. “Hjirmei kinne jo fan allehande minsken útnoegje om elkoar te fertellen wat harren dwaande hâldt om dit dan wer mei oaren te dielen”. “Sjoch, dat bedoel ik no”, wie de reaksje. “Al dat kompjûterjen is in ferearming foar de mienskip. As jo de bewenners út it doarp persoanlik oansprekke, hat dat folle mear effekt”. Ik gie by my sels te rie en tocht: “dit is in punt, dit is folslein wier!” Der bin grif mear minsken dy’t der sa oer tinke. Fraach bliuwt wol, kinne en moatte wy it keare? Ik leau it net, en tink ek net dat wy dat wolle moatte. Want dan bliuwt de tiid stil stean. It is no ien kear sa. Dit is it nije netwurkjen. Wurdt d’r tsjinwurdich wat yn’ e hûs of ûnderweis belibbe dan wurdt dat mei in filmke yn de digitale wrâld dield sadat de minsken it meielkoar beprate en oerlizze kinne. En fansels harren miening jaan kinne. No… dan is dat fansels ek wer foarútgong. Mar oft it allegear better is? Ien ding is wis, alle plannen en beslúten dy’t hjoed de dei oan de oarder komme, moatte wol op dizze wize behannele wurde, oars rinne wy efter de saken oan, en dat sil grif net de bedoeling wêze. Mantgum moat him ek op dizze wize fierder ûntwikkeljen bliuwe en presentearje! Oars binne wy aanst net mear op de kaart te finen en dat sil dochs net de bedoeling wêze. Dan dochs mar de digitale mienskiplike sneldyk op? No…. litte wy dêr dan mar ien op nimme: “Tsjoch!” April 2016 Hette van der Wal Mandeguod 43

46 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication