• Een kort verhaal over de geschiedenis van eigen dorp of streek • Een historisch filmpje uit het Fries Film Archief • Een verwijzing naar de collecties van Tresoar • Een quiz waar de deelnemers hun culturele kennis over dorp en streek mee kunnen testen Deelnemers zijn na afloop van de cursus klaar om de gasten voor KH2018 te woord te staan en verder te helpen. Iedereen krijgt het certificaat “Klear voor KH2018”. De stoomcursus is niet individueel te boeken. Meer informatie is te vinden op http://www.tresoar.nl Tresoar jout in stoomkursus, “Klear foar KH 2018”. Tresoar sil on tour! Rûnom yn de provinsje wol Tresoar delkomme om de Friezen ree te meitsjen foar 2018. Yn it jier dat Ljouwert kulturele haadstêd fan Europa is, komme der in soad gasten nei Ljouwert, en nei Fryslân. Dy gasten wolle de rike Fryske skiednis fan stêd en plattelân ûnderfine. It kinne kultuertoeristen it wêze, mar ek neiteam fan Fryske emigranten dy’t sykje nei harren ‘roots’. Binne de bewenners fan Fryslân derop taret om dy minsken te ûntfangen? En harren fragen te beäntwurdzjen? Hoe stiet mei de kennis fan de Friezen oer de skiednis en kultuer fan Fryslân? Hoe sit it eins mei de Fryske Frijheid? Wannear wie de slach by Warns? Wat wie de betsjutting fan de Frjentsjer Universiteit foar Fryslân? Wa wie Menno Simons? Hokker peareltsjes fan skiednis en kultuer jouwe kleur oan eigen doarp en streek? De Tresoar-stoomkursus kin oanfrege wurde troch groepen ynteressearren. Bygelyks histoaryske ferienigingen, personielsgroepen, skoallen, biblioteken, tsjerken of doarpshuzen, frjouljusferienigings, mar de kursus kin ek in elemint wêze op bygelyks in doarpsfeest. Tresoar is, fan septimber 2016 ôf, ree om, fergees, by alle groepen del te kommen. Wat hâldt de Tresoar-stoomkursus “Klear foar KH2018” yn? Yn in tiidsbestek fan oardel oere presintearret it Tresoar- team in luchtich programma mei fiif ûnderdielen: • In koart ferhaal oer de skiednis fan Fryslân Mandeguod 53
56 Online Touch Home