Evelyn Bosma - foarhinne út Mantgum - de earste Wetenschapsprijs Campus Fryslân wûn hat? Dat is in oanmoedigingspriis foar jonge, aktive wittenskippers dy't fernijend ûndersyk dogge. Bosma sil meikoarten promovearje op har ûndersyk nei de effekten fan twataligens by Fryske bern. Se hat trije jier lang twatalige learlingen tusken de fiif en acht jier test. Dêrmei hat se nije ferbannen nei boppe helle oer hoe't it Frysk en it Nederlânsk inoar beynfloedzje. De priis sil tenei om it jier útrikt wurde. By de priis heart in jildbedrach fan 10.000 euro. Achttûzen dêrfan is foar it ûndersyk, de oare twatûzen is foar de ûndersiker sels. Lokwinsken foar ús promovendus Evelyn Bosma, dy't de earste Wetenschapsprijs RUG/Campus Fryslân kriget! 4 maaie: Fryske Akademy Willem Romers op snein 7 maaie mei syn band Cool Harbour yn Podium Witteman west hat? Hy en syn bandleden in crowdfundingsaksje út ein setten binne foar it meitsjen fan in cd en mear as de helte fan it bedrach al binnen is? Sjoch ek: www.coolharbour.nl De meast linkse persoan op de foto is Willem. Mandeguod 31
34 Online Touch Home