47

De HoxWierster Merk It wie moai waar foar de blomferkeapers fan de HoxWierster Merk dy jûns fan 2 maaie, al waard it tsjin achten wol jas-ticht-knopers-waar. Mar blomkeferkeapjen is as pankoekbakken, it giet net sûnder ûngemakken… Dat murk Siebolt daliks al doe’t er de karre ophelje soe: de eigener fan de karre wie hielendal fergetten dat we dy jûns syn karre brûke soene, de karre stie op slot om dieven foar te wêzen, en it kaaike siet feilich yn de jasbûse fan de karre-eigener, dy’t earne fier fuort by in golfwedstriid wie. De Klaversma’s brochten útkomst: op harren terrein – by de brânwar – mocht Siebolt in karre helje. Pieter koe út syn luie stoel wei it stek mei de ôfstânsbetsjinning iepenje, dat Siebolt koe der sa ynride. Dêr stie de karre al. Spitigernôch fol mei tegels en stiennen, dat it duorre efkes foardat it measte dêrfan útladen wie. Mar ja, doe koe Siebolt it terrein net mear ôf, want it stek giet folautomatysk nei 5 minuten wer ticht. Doe’t er dan einliks nei wat telefoantsjes oer en wer weromkaam by de Wjukken, wiene de measte blommen al yn de oare 5 karren ûnderweis nei potinsjele klanten. Om de pech kompleet te meitsjen: de karre mei de tegels wie achterôf besjoen fan de gemeente; in eintsje fierder – út it sicht – stie de lege karre fan Klaversma… Enfin, Siebolt lit de moedfearren nea hingje, en ek syn pakesizzer út Zeist hat fleurich-op geraniums en beltsjeblommen oan de man brocht. Seis ploegen bestrike op sa’n jûn de buorren en it gebiet bûtenút, en dan fljocht de tiid tusken 6 en 8 oere foarby. It is foar de blomferkeapers wol altyd hearlik weromkommen yn de Wjukken as harren waarme patat, in gleonhite kroket of frikandel en in hearlik slaadsje foarset wurdt troch Anne en Inge. We wiene dit jier op it ein fan ‘e jûn ek aardich troch de foarried blommen hinne. De lêste blommen hat de bouploech letter dy wyks yn de Wjukken-tún plante, dat der is neat wei wurden. Oer it wichtichste fan dy jûns – de opbringst – hoegden we ek dit jier net te kleien: nei’t de kosten fan de blommekeapman en de struibryfkes der ôflutsen wiene, bleau der in totaal bedrach fan € 1.556,52 oer. It Wjukken-bestjoer is fan doel om dat jild te brûken foar it oantugen fan keamerskermen en foar de fierdere oanklaaiïng fan de Wjukken. Sa troch de jierren hinne binne der – ek mei troch jild fan de HoxWierster Merk – al hiel wat oanpassings oan it ynterieur fan de Wjukken oanbrocht om it gebou in smûk oansjen te jaan. Mei tank oan alle blomferkeapers en mei tank oan alle minsken dy’t blommen kocht hawwe! De HoxWierster Merk-kommisje Mandeguod 45

48 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication