Keatskamp keatsferiening Jacob Klaver Ofrûne Himelfeart wie it safier. It keatskamp foar de jeugd fan keatsferiening Jacob Klaver. Keatsferiening Jacob Klaver bestiet dit jier 115 jier en ien kear yn de fiif jier wurdt der in keatskamp organisearre foar de jeugd. Der hiene 23 bern harren opjûn foar it keatskamp. Op tongersdei 10 maaie kamen alle bern it fjild op om in sliepplak te sykjen yn ús tinte fan Wiersma Tenten- en Partyverhuur. Dernei koene we gau begjinne mei ús programma. Om’t it waar noch net fantastysk wie ha we de warming up, fersoarge troch Sander Hageman Personal Training, binnen hâlden. It wie in super leuke warming up en de bern wiene al gau waarm en klear foar de trainingen. Tongersdei yn de moarntiid waarden de trainingen jûn troch Joke Koldijk, Nynke Wiedijk en Albert. Nei dizze trainingen koene de bern wer op krêft komme en ha we meielkoar in broadsje knakwoarst iten. Nei iten binne we allegear yn de auto stapt nei Dronryp, der stiene nammentlik Jennie Terpstra en Amarins de Groot (de trainers fan de bern) yn de tredde omloop fan de KNKB ôfdieling. Der bern fûnen it prachtich om ris by in echte KNKB wedstriid te sjen en fansels ha se Jennie en Amarins goed oanmoedige. Oan it ein fan de middei ha de bern noch in oantal spultsjes dien en ha we ôfsluten mei in twadde training dit kear jûn troch Jennie, Amarins en Albert. Om 18.00 stie der in hearlik miel makke troch Wietze en Jitske Geertsma klear. Nei iten koene de bern noch efkes boartsje en oefenje foar de bûnte jûn. Om 20.00 begûn de bûnte jûn, alle bern hawwe tige harren best dien en it wiene moaie stikjes. Nei de bûnte jûn hiene we noch in super gesellige disko. Wêrtroch de 1e dei fan it keatskamp gesellich ôfsluten waard. 16 Mandeguod
19 Online Touch Home