juli/augustus 2022 29 Dauwetraapje op Himelfeartsdei As de wekker giet om healwei seizen, hawwe de lysters en de hoannen al it heechste wurd. De sinne kipet al troch de beammen, it is in prachtige moarn. By de Wjukken is ek al aardich aksje, de organisaasje fan Boppeslach en Hassiebassie hawwe alles al goed foarmekoar. De rûte wurdt útdield en nei it beteljen en in bakje kofje giet elkenien mei in goed sin op sjou. Alles stiet ek goed oanjûn mei de bekende Hassiebassiepylkjes, mar wy geane no wol in oare kant út as de Hassiebassietochttour. Op nei Skillaerd en by de toer steane al in pear rinners te harkjen nei de – troch Skelte Anema ynsprutsen – rûnlieding mei QR. De rest nimt dêr de tiid net foar en slacht by de Famylje Reitsma de daam yn. Efter it hok stiet in lekker brochje klear en elkenien troppet de bûsen fol, as soe it in barre tocht wurde... De betonreed del en Boer Reitsma hat in kreas paad meand troch it lân op nei Bessens yn Wiuwert. Boer Fopma fan Jeth hat noch wol krekt syn lân bejarre, dus de rinskuon bliuwe net alhiel skjin, mar dat dondert neat, fansels. Troch Wiuwert en op nei Klaeiterp nei de Famylje De Vries dy’t hjir in echt “Rustpunt” hawwe. De ûntfangst is super. Op ‘e skuorreed stiet wer fan alles klear, elkenien kin him/har hjir lekker bedjerre litte en elk kin ek even noflik op it húske sitte. Op nei Easterwierrum en binnentroch nei Tsjerkebuorren. Troch it echte natuerlân fan Nauta. Under de skoktriedden troch, om de hatseflatsen hinne, oer moaie brechjes en klapstekjes. Skitterjend. Eins hiene wy fierder troch it lân kinnen op nei Geert en Anneke Fopma, mar dat paad is net sa goed mear te berinnen, tink. Sa komme wy om in oere as 9.00 wer by de Wjukken oan en dêr stiet hearlike selsmakke taart klear fan Hidde en oare topbakkers. Alwer sin oan in bakje kofje, mar de automaat hat gjin nocht. Mar de organisaasje regelet fansels kofjesetapparaten en alles makket dat it in machtich moaie moarn wurden is. Hulde! Johannes Arendz
30 Online Touch Home