43

juli/augustus 2022 43 heech bûtsend oer de mul, ‘fliegend’ nei it perk jeie. Frâns wie dêr wol de bêste yn. Doe’t de jonges wat âlder waarden koene jo oan ‘e opslach sjen wa’t oan it ‘keatsen ûnder handikap’ meidien hie: harren platte mei gang opsleine ballen wiene sawat net te slaan. Mei Frâns gie it minder: doe’t er ± 17 jier wie, is er oan de sykte ferstoarn. Mar syn keatsmaten ha noch in jier as wat meidien oan it KNKB­keatsen en Folkert en Ealze ha it ta reserve haadklassers (doe hiet it 1e klasse) brocht. En Frâns syn karre? Wel, dy is doedestiids gewoan yn it wetter fan de dobbe riden, de dobbe dy’t foar it hûs fan de Van Dellens lei… Letter waard dy dobbe tichtgoaid, mar yn de 70er jierren – doe’t ek de skoalle boud waard – is de dobbe wer op ‘e nij útgroeven. Durk Monsma wie ien fan de mannen dy’t de destiids tichtgoaide dobbe wer iepen groef. En op datselde plak is Frâns syn karre doe wer werom fûn… Dy dobbe leit der no noch altyd, oan de eastkant fan de skoalle en de strjitnamme De Dobbe wiist nei de histoarje fan dizze dobbe… Teake Oosterbos

44 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication