juli/augustus 2022 51 dwaande om in systeem op te setten dat minsken in bern sponsorje kinne foar bygelyks in tientsje yn ‘e moanne. op te ferbouwen. Sa binne der noch in hiel soad saken te betinken dy’t noch wol kinne. Mar foar no wolle we ús earst graach rjochtsje op it iten. We wolle der foar soargje dat de bern dêr genôch iten krije en dêrmei op skoalle binne en leare kinne. Om dit foar elkoar te krijen moatte we sjen oft we in fêste jildstream kreëarje kinne om it iten oan te skaffen. We binne op dit stuit Al mei al ha ik dêr genôch nije inspiraasje en motivaasje opdien om wer troch te gean en de folgjende stappen te setten. Fan in keal stik lân yn 2014 nei in prachtige skoalle en moetingsplak yn 2022. Wat bin ik grutsk op ús projekt. En mei ‘ús’ bedoel ik elkenien dy’t meihelpt op hokfoar wize dan ek. Alle balsponsors, hassiebassiefrijwilligers, kwissers, kuierders, donateurs en wa dan ek, tige tank! Wy meitsje in ferskil foar in hiele grutte groep bern en de mienskip om harren hinne. Skelte Anema
52 Online Touch Home