53

juli/augustus 2022 53 Tusken Tsjerke en Kroech Einliks is it wer safier, nei’t wy der twa en in heal jier op wachte hawwe: op sneon 8 oktober 2022 hawwe wy wer in Tusken Tsjerke en Kroechtocht troch Mantgum, mei in ferrassend program, mei koarte optredens op allerhande plakken yn Mantgum! Lyk as yn oare jierren begjinne wy wer mei in leuke startfoarstelling yn ’e tsjerke en dêrnei geane wy mei ús allen wer nei De Wjukken foar in waarm miel iten. Om sân oere geane wy dan wer los, elk kin nei trije foarstellingen ta en wy binne noch hyltiten drok dwaande in nijsgjirrich programma yninoar te setten, troch de corona­tiid moat alles wer wat op gong komme en wy hawwe noch net alles yn kalk en semint. Jimme lêze der de kommende tiid wol oer yn ’e Mandeguod. As wenst slute wy TTeK ôf yn De Wjukken mei de band Related Stuff, de band komt út Top en Twel en se spylje swingende bluesmuzyk mei û.o. nûmers fan Eric Clapton en The Band. It sprekt foar himsels dat wy by de realisaasje fan TTeK wol wat help brûke kinne fan frijwilligers en dêrom dogge wy ek in berop op ’e Mantgumers: wy sykje noch minsken dy’t foar in groepke fan in man of tsien in waarm en streksum miel meitsje wolle, de kosten derfan krijt in elk fergoede fansels. Wy sykje ek minsken dy’t as gids mei de groepkes troch Mantgum rinne wolle om elkenien te plak te bringen. En fansels, der binne ek omballingen as help by de ferlotting, it klearsetten fan stuollen en alle oare wurksumheden wêr’t wy tsjinoan rinne. As jo meihelpe wolle, jou jo dan op en skilje 0627354190 of stjoer in mailtsje nei info@kappershuis.nl, dan krije jo fan ús grif in reaksje. Want TTeK is foar en ek mei Mantgumers! It bestjoer fan Frisia1874

54 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication