56 Mandeguod In nijsgjirrige hobby Wat is dyn namme? Ik bin Wietske Terluin en bin 39 jier. Ik wenje tegearre mei Rienk en ús trije bern sûnt 2018 yn Mantgum. Wat is dyn nijsgjirrige hobby? Myn hobby is sloeproeien. Dat doch ik yn in reddingssloep mei in team dat bestiet út 6 froulju: 3 oan bakboard (links), 3 oan stjoerboard (rjochts) en in stjoerfrou. We roeiden elk seizoen fan april oant en mei oktober ferskillende wedstriden en ik ha in soad plakken yn Fryslân en dêr bûten fan it wetter ôf besjoen. Wat is dyn moaiste herinnering? De aldermoaiste is dochs wol de HTrace: 34 km oer it Waad fan Harns nei Skylge. In wedstryddei begjint faak al betiid. De sloep op de trailer en op de wedstrydlokaasje wer te wetter litte. Dat bart meastal mei in kraan. Dan tariede en noch efkes goed koolhydraten nei binnen wurkje. By de start gean der om de 5 minuten 2 of 3 sloepen fuort en je roeie op tiid. Oan it ein fan de wedstryd wurdt dan berekkene wa’t wûn hat. Dat is in frij yngewikkelde rekkensom omdat der ferskillende soarten sloepen binne (6 riemers, 8 riemers ensfh.) en ek de wjerstân fan it wetter is net by elke sloep gelyk. Kinst dus bêst de snelste tiid roeid ha mar dochs lêste wurde yn it klassemint. Oare moaie wedstriden binne ek de Grachtenrace yn Swolle wer’t je, sa at de namme al seit, 14 km troch de grêften fan de stêd roeie. Ek de roeirace Grou is in moaie wedstryd fan 21 km oer it wetter om Grou hinne. Yn 2018 bin we dêr earste wurden yn de 1e klasse. En sa binne der noch folle mear moaie wedstriden. Hoelang dochst al oan sloeproeien? Ik ha dit fan 2016 oant 2020 fanatyk dien en trainde 3 kear yn de wike op it wetter om Frentsjer hinne en op de Waadsee by Harns. Sûnt 2020 roei ik eins net mear. Troch Corona koene we net mear traine en earlik sein wie dat foar thús dochs wol lekker. It kostet in hiel soad tiid en de planning thús lit it net altyd ta. Wol soe ik it aanst wol werris oppakke wolle, mar dan allinnich rekreatyf want it is in prachtige sport en
57 Online Touch Home