juli/augustus 2022 65 fan de lânbou yn ‘t algemien en dy fan de boer yn ‘t bysûnder? Mear as tweintich jier lyn ûntfongen wy Freark as Sybe Satellyt mei syn hûn ‘Sjef’ by ús op de praktyk foar Omrop Fryslân. Prachtich wie dat! It is moai om te sjen dat hy noch like fitaal, meislepend en oandwaanlik op it toaniel stiet. Net om ‘e nocht is ‘Wat soesto!’ al twa kear yn ‘e prizen fallen. Net allinne de oansprekkende tekst, mar ek foaral it grutte akteartalint fan Freark én Klaasje sprekt ta de ferbylding. De ferdwûne grutskens fertsjinnet Freark sadwaande dûbeld wer werom mei dizze prestaasje. Foar wa‘t it stik noch net sjoen hat is der goed nijs. Yn septimber binne der nochris in oantal foarstellings yn ’t foarútsjoch. In oanrieder, soe ‘k sizze!
66 Online Touch Home