Barbecuepartij foar senioaren Wat in ferskil mei foarich jier. Doe gong de BBQ-partij fanwegen it minne waar net troch, no sinne by de rûs, dat eltsenien gong mei nocht oan’t keatsen. Baukje en Lyssa hiene de partoeren yndielt yn in klasse Ald (4 partoeren), in klasse Jong (6 partoeren) en in Froulju’s klass e (4 froulju). Der is tige spannend keatst, gauris 6 gelyk en faak ris “alles oan ‘e hang” De hiele dei ha de bern harren tige fermakke mei it oanwêziche springkessen, in aardichheid om dêr nei te sjen. Likernôch om 17.30 oere wie de barbecue hjit. It lyke wol at de hongerwinter fan 1945 ta in ein kommen wie, sa folle fleis is der nei binnen wurke. De barbecue en de tinte binne ek dit jier wer fersoarge troch ús sponsor Wiersma Tentenverhuur-Partyverhuur-Catering. It wie wer tige foar elkoar. Priiswinners: Klasse Ald: 1e priis: Rutger Fopma, Lyssa van der Ende en Jelmer van der Valk 2e priis: Jan Geert Nutma, Foppe Tinga en Hans de Boer Klasse Jong: 1e priis: Jente Muller en Jouke Bonekamp 2e priis: Rutger Fopma en Reinder Bonekamp Froulju’s Klasse: 1e priis: Aly Spoelstra 2e priis: Ant Fopma Foto: Jacob Klaver juli-augustus 2015 Mandeguod 31
34 Online Touch Home