IBS De Gielguorde fan Mantgum wint Himmelwike-bokaal Op freed 22 maaie hat wethâlder Bram Bonnema de Himmelwike-bokaal útrikt oan de learlingen fan groep sân en acht fan iepenbiere basisskoalle De Gielguorde yn Mantgum. De learlingen hellen yn ferhâlding it measte swalkôffal op fan alle dielnimmende skoallen en doarpsbelangen út de gemeente. Yn de Himmelwike leare bern hoe skealik swalkôffal is foar minske en omkriten en wat sy der sels tsjin dwaan kinne. Tsien dielnimmende organisaasjes Dizze maitiid hawwe sân basisskoallen en trije doarpsbelangen (Boazum, Easterwierrum en Easterein) út Littenseradiel meidien oan it Himmelwikeprojekt. De learlingen gongen, mei in griper en jiskepûde, de strjitte op om safolle mooglik swalkôffal te sammeljen. De bern fan basisskoalle De Gielguorde hawwe mei 42 learlingen mar leafst 13 pûden fol swalkôffal ophelle; yn ferhâlding it measte fan alle dielnimmers. Jierlikse aksje Basisskoallelearlingen út de Fryske gemeenten It Hearrenfean, Ljouwert, Littenseradiel, Opsterlân, Eaststellingerwerf, Menameradiel en It Bildt, stride alle jierren tegearre mei Omrin tsjin swalkôffal. Dit jier dogge yn totaal rom 7500 bern mei oan de Himmelwike. Mear ynformaasje Sjoch foar mear ynformaasje op www.himmelwike.nl. juli-augustus 2015 Mandeguod 35
38 Online Touch Home