33

Ferslag WWC 1 tsjin Jubbegea Ofrûne sneon moasten wy dizze wedstriid spylje yn Jubbegea. Troch in soad blessures, zwangerschappen en ek troch de Slachte, sieten wy net sa rom yn de dames as yn de ôfrûne wedstriden. Dus hawwe wy berop op it tredde dien en lokkich woene Maaike Faber en Rikst Cuperus wol mei ús nei Jubbegea. De opstelling wêr’t wy mei út ein setten, wie hielendal oars as oars. Hidde Jonker die wer mei, ek Fabian luts syn spilersklean oan en Anne Terpstra wie wer werom nei een blessure. De wedstriid sette út ein mei Hidde, Jelmer, Sander, Fabian, Dieuwke, Rixt, Maaike en Anna. It soe een spannende wedstriid wurde mar we wisten dat It Fean der mear lêst fan hawwe soe dan ús. It wie al in hiel skoft lyn dat WWC in beslissingswedstryd ferlern hie! It floitsignaal gie en al aardich flot iepene WWC de score troch in goal fan Fabian. En dêrnei kaam WWC yn de earste fiif minuten al op een foarsprong fan 3-1. De score gie gelyk op. Dan stie WWC twa foar en dan wer gelyk. It waard spannend. Ek op’ e bank wie it switte en neiltsjebite wylst wy nei de wedstryd seagen. WWC gie de rêst yn mei in moaie foarsprong fan 2 punten. Rikst kaam der yn foar Maaike en elkenien kriich der hieltyd mear en mear fertrouwen yn dat wy dit winne soene. Mar spitergernôch, it Fean krige ek fertrouwen en kaam mei 2 punten foar te stean. Lokkich miste It Fean in strafworp. In tige wichtig momint want fuort dêrnei scoorde WWC in kear en al gauw noch in kear. Doe stie it wer gelyk. Fabian gong de lêste fiif minuten der út foar Anne, fol enerzjy en wer top fit. It einsignaal gie, it wie 14-14. Dus fiif minuten skoft en daliks troch nei de ferlinging fan twa kear fiif minuten. WWC mocht út ein sette en daliks makke Anna in pracht goal en sette WWC op in foarsprong. Nei de earste Fiif minuten stie it 15-14 foar WWC. En yn de twadde fiif minuten makke Sander de 16-14, mei noch mar 3 minuten te spyljen. Elkenien waard hyltiid blierder en begong de oerwinning stikum al te fieren. Doe’t Jelmer in strafworp mei krige en dy prachtich ôfmakke waard troch Anne, wie it hielendal wis. It Fean wist noch ien doelpunt te meitsjen en doe gie it einsignaal. WWC 1 wint nei in hiel soad switten, nagelbyten en geraas, mei 17-15. Nei in tige spannende wedstryd. Dik en dik fertsjinne! WWC 1 bliuwt folgjend jier gewoan yn de tredde klas spyljen en hat mar wer sjen litten, dat it hiel lang lyn is dat WWC in beslissingswedstryd ferlern hat. Wisse Arendz Mandeguod 31

34 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication