40

Mantgumer Jacob Klaver keatsters winne 2e priis NK Famkes Amarins De Groot, Jennie Terpstra en Marijke Keuning winne yn Dronrijp de 2e priis. Yn de finale wiene hja net opwoeksen tsjin it trijetal fan Marsum. Hja ferlearen dizze partij op 5-2 en 6-4. Wommels wûn de 3e priis. Nettsjinsteande dat it wat minder rûn as de foargeande partijen, waard d’r troch de famkes yn de finale net min keatst. Mar Marsum keatste harren bêste partij fan de dei en wûn dizze partij dan ek terjochte. Derfoar hiene de famkes fan Mantgum yn de foargeande fjouwer partijen yndruk makke troch poerbêst keatsen sjen te litten, hja krigen yn totaal ek mar fjouwer earsten tsjin. Yn 2014 waard yn Drylts de tredde priis behelle, ferline jier waard Mantgum yn Dussen twads, it wie dan ek dúdlik wert hja dit jier foargongen. Dit slagge net, de froulju wiene wol wat teloarsteld wat te begripen is, mar it bliuwt in poerbêste prestaasje. Amarins, Jennie, Marijke en coach Albert Reitsema lokwinske mei it beheljen fan de 2e priis by it Nederlânske kampioenskip keatsen yn Dronryp. 38 Mandeguod

41 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication