Nys Wietwetterklub Mantgum e.o. Op tongersdeitejûn 19 maaie hawwe wy ús earste ledengearkomste hâlden yn’e Wjukken. Dêr wiene 20 leden by oanwêzich. Inkele punten út de gearkomste wiene it goedkarren fan de statuten, it hûshâldlik- en it havenreglemint. Dizze punten binne foarlêzen troch Jack Hofma, hawwe op facebook stien en binne fanôf 10 maaie ta ynsjoch lein yn’e Wjukken. De statuten en de hûshâldlike- en havenregleminten lizze no foar ûndertekenjen troch foarsitter, skriuwer en ponghâlder by notaris Van der Hem. As dat klear is kin de hieroerienkomst fan de wâl, fanôf de daam by Om’e terp oan’t de fytsbrêge by Hoxwier, mei de gemeente Littenseradiel offisjeel makke wurde troch it ûndertekenjen dêrfan. Dêr is yn it bestjoer fan de WWK gâns wat feroare: Sietse v/d Vegt , foarsitter fanôf 2004, hat de foarsittershammer trochjûn oan Jack Hofma mar bliuwt yn it bestjoer. Teake Oosterbos bliuwt skriuwer en Gerrit Ernst bliuwt ponghâlder. De oare bestjoersleden bliuwe it kommende jier yn it bestjoer: Doeke Odinga, Pieter v/d Kooij, Nynke Rixt Jukema. Dêr binne nije bestjoersleden bykommen: Ymfried Offenga, Kees v/d Bijl en Rinse de Groot. It doel is dat de nije minsken harren ynwurkje kinne. In wat dreech punt bliuwt it swimmen fanôf de passantensteiger. Foar gasten dy’t oanlizze wolle op dizze, mei provinsjejilden oanleine steiger, is it net botte gastfry as der swimmers binne. Wy wolle dit graach feroarje om’t in protte gasten harren beklach hjiroer dien hawwe de ôfrûne jierren. Wy wolle besykje foar de Mantgumer jongerein in swimtrep del te setten tsjinoer de skatebaan sadat elkenien syn gerak kriget. Wy ferwachtsje dat elkenien dêr fan’t simmer wille fan hawwe sil. Te hurd farre yn’e feart bringt argewaasje foar minsken, skea oan briedende fûgels en ôfslaande wâlen. Ek ôfmeare boaten hawwe lest fan stûfe golfslach. Wolle jimme as boaten en boatsje farders der rekkenskip mei hâlde? Mochten der by jimme noch fragen wêze, as jimme wolle jimme opjaan as lid by de WWK meld jimme dan oan. De kosten foar in lidmaatskip binne € 15,-- yn it jier. Passanten betelje € 7,-- foar ien nacht. Allinne leden kinne in lizplak hiere. Dat kin by ien fan de bestjoersleden. Wy winskje jimme in hiele moaie simmer ta. De skriuwer fan WWK, Teake Oosterbos Mandeguod 41
44 Online Touch Home