20

20 Mandeguod Tusken Tsjerke en Kroech 10 2020 sneon 8 oktober 2022 Einliks! Wy kinne wer in TTeKtocht hâlde! Yn 2020 en 2021 koe fanwege de Corona ús tocht net trochgean, mar no hawwe wy besletten om de tsiende edysje fan ’e tocht wer te hâlden en dus net yn april, sa as wenst wie, mar yn oktober: op 8 oktober 2022 sil it opnij heve en net mei it program dat wy foar 2020 pland hiene, mar mei in grut tal oare artysten. Wy binne dan ek drok dwaande mei de omballingen foar de tsiende edysje fan Tusken Tsjerke en Kroech en dêr kinne wy altiten noch wol wat help by brûke! Wy hawwe noch te min itensieders! Fansels, it sieden fan in miel waarm iten foar in tsiental minsken is net itselde as it bakken fan in aai, mar it soe moai wêze as der noch wat mear minsken harren hjir foar opjaan soene. De start fan TTeK is as fan âlds yn ‘e tsjerke, mei in optreden fan Popkoar Blinder, 24 enthousiaste froulju út Littens en omkriten ûnder lieding fan Baukje Hoogstins, dy’t foar ús in program bringe fan pop-, musical- en jazz-lietsjes, mei begelieding fan piano, gitaar en contrabas. Nei it waarme miel yn de Wjukken begjint it eigenlike program. Sa as wenst binne der wer trije rûtes wêr’t jim út kieze kinne, yn elke rûte sit genôch ferskaat en ek dit jier besykje wy wer wat nije dingen. Reade rûte 1. Lucas van Dijk: Lucas van Dijk út It Fean gûchelet al mear as de helte fan syn libben en timmeret dêrby ek flink oan ’e dyk, hy is yn april winner wurden fan ’e foarronde fan Kunstbende yn ’e rubryk theater, hy ferbynt gûcheljen mei theater en dat kin in moaie foarstelling opleverje! 2. Sanne de Heer en Hedzer Seffinga: Twa jonge theatermakkers, begûn as spilers by it Berne Iepenloftspul, geane mei de taskôgers nei it jier 2055 en fertelle harren hoe’t it kommen is dat Mantgum ten ûnder gien is! 3. Egbert van der Werff: As frontman/singer/songwriter fan ‘e gitaarband William Seen’s Transport Music hat hy ek by it jubileum fan De Wjukken ús fermakke; by TTeK sil him dat grif ek wer slagje!

21 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication