52

52 Mandeguod Teake op ’e praatstoel oer ferfleine tiden Feehannel en snoekefangst Feehannel yn ‘e fyftiger jierren te Ljouwert spile him ôf tusken it busstasjon en de Lange Marktstrjitte en ek op it Saailân wie der hannel. De freedsmerk op it Saailân is der no noch. Op de feehannelmerk wie it yn ‘e iere moarn altyd in drokte fan komsa. “Betiid los”, want as jo om 8 oere noch hannel hiene wie de priis leger. Der wiene net allinne kij te ferhanneljen, ek skiep, bargen, geiten, hinnen en kninen waarden ferhannele. Moarns betiid stapte ek rintenier-boer Douwe Swierstra op ‘e fyts. It iepenbier ferfier lei dan noch op ien ear, dat as jo wat fan de hannel meikrije woenen dan giene jo op ‘e fyts. Sa stapten yn dy tiid hûnderten minsken om Ljouwert hinne op de fyts nei de haadstêd. In drokte fan belang. Feehannel net te min. As twa man sieten te hantsjeklappen stie der in kring belangstellenden om hinne. It wie in drokte fan belang. Feehannelers, mar ek oare ‘kenners’ fielden oan jaren, kowekonten en oare ûnderdielen fan de te ferpatsen bisten. Douwe bleaun by in âld maat stean te praten oer… ja, dat koe fan alles wêze. Mar allinne prate koe net, dêr moast ek in slokje by, dat sa rûnen Douwe en syn maat nei kafee Van Dellen oan de Lange Marktstrjitte. Se treffe ûnderweis noch in kunde en bestelle by Van Dellen kofje mei koeke. De ynwindige minsk moat net foarby. De ferhalen út harren ferline wurde stadichoan sterker, wylst de kofje plak makke hat foar in slokje en op ien poat kinne jo net gean, seine de mannen. Homme skode ek in stoel by, en mei de wurden “We neme der noch een” kaam de flesse noch in kear lâns. Doe’t Douwe stean gie tocht er: “Bliksem Douwe, do moatst hjirwei.” Dat hy naam ôfskie fan de mannen mei de wurden: “Tot folgende week in dit theater.” Wat wibelich rûn er nei de fytsestalling by it busstasjon, en nei in hiel gekloat hie er dêr syn fyts te pakken. Sa hied er ek wat steun… Mar opstappe… ho mar, hy koe syn lykwicht net hâlde. Dat rinnende njonken syn fyts skarrele er dochs nei de bussen, dy’t op har wênstige plak stiene te wachtsjen oant de fertrektiid. ‘Jappie Lab’ hie him al oankommen sjoen mar diskear hie Jappie in oare rûte. Murk hie no de rûte oer Mantgum en Jappie hie al tsjin Murk sein dat de fyts op ‘e bus moast en yn Mantgum der

53 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication