7

september 2022 7 De restauraasje fan de propeller Yn it juny-nûmer fan Mandeguod makken wy melding fan it feit dat de propeller by it Skillaerder tsjerkhôf ophelle wie troch de gemeente foar grut ûnderhâld. Mis… It wie net de gemeente dy’t de propeller ophelle hie, mar Jarich Hiemstra. Jarich, (Aldegea, SWF) learaar, samler en reënactor (it neispyljen en útbyldzjen fan histoaryske eveneminten) is fan jongs ôf oan al ynteressearre yn skiednis, en docht ek in soad ûndersyk nei de Twadde Wrâldoarloch. Syn heit en pake hiene deselde passy foar skiednis en sadwaande wie Jarich as jonkje fan 5 jier mei syn pake (in oarlochsfeteraan) al by de ûntbleating fan de propeller op Skillaerd yn 1992. En no, 30 jier letter, hat hy dyselde propeller restaurearre. Jarich hie al ris earder in oanbod dien oan de gemeente Littenseradiel om de propeller te restaurearjen, mar dat oanbod waard net oannommen. Dizze kear ha Frits Jansen en Alexander Tuinhout de kontakten mei de gemeente Ljouwert lein, en diskear krige Jarich wol tastimming om de propeller te restaurearjen. Propeller yn ‘e wurkpleats Dat dat gjin oerboadige lúkse wie koe men al in pear jier sjen: de propeller waard hoe langer hoe skurver, it aluminium wie erodearre en ferpulvere en it like wol oft der papier maché nei bûten stuts… Jarich woe foaral ek út respekt foar de omkommen jonge fleaners dat it propeller-monumint wer yn âlde gloarje by it hôf kaam te stean – as earbetoan oan de mannen dy’t har libben joegen foar ús frijheid. →

8 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication