8 Mandeguod De propeller waard ferfierd op in Ben Hur trailer achter in 1944 Dodge WC-62 oan Mei Hilbrand Zijlstra hat Jarich ferskate oeren dwaande west mei de restauraasje. De hiele propeller moast útinoar helle wurde. Yn eardere restauraasjes wiene soms ûnderdielen brûkt dy’t dêr net hearden en dêrtroch bytiden de propeller skansearren troch bygelyks rustfoarming. Mar úteinlik, nei sa’n 65 oeren reparearjen, skuorjen, fervjen, coaten en folle net genôch, binne de propellerwjukken wer prachtich swart mei giel op de wjukpunten. Uteraard binne de wjukken noch krekt sa ferbûgd as fóár de restauraasje – in herinnering oan dy nacht dat de Stirling hast 80 jier lyn delstoarte by de Mantgumer Feart. Spitigernôch liet de gemeente Ljouwert eins neat mear fan har witte (ek finansjeel net - oant no ta is Jarich ek foar it grutste part fan de kosten opdraaid). It feit dat de gemeente neat fan him heare liet wie ek in bytsje de reden dat yn Mantgum net bekend wie wannear’t de propeller werompleatst wurde soe. Dêrom ha Jarich en syn maten besletten om sels in happening te meitsjen fan it werompleatsen fan de propeller. Op 2 july ha se yn in konfoai yn styl mei ûnder oaren âlde auto’s fan ‘Keep Them Rolling’ in toer makke, te begjinnen yn Drylts, dan by ferskate monuminten Fan links nei rjochts: Neal Nightingale, Jarich Hiemstra, Hilbrand Zijlstra en Frits Jansen
9 Online Touch Home