Útslach Rely Jorritsma Fûns-priisfraach 2016 Dit jier advisearret de sjuery fan de Rely Jorritsma njoggen prizen út te rikken: fiif foar fersen en fjouwer foar ferhalen. Der binne tweintich fersen ynstjoerd en tsien ferhalen. De priis foar in winnend fers is € 200,-- en foar in ferhaal € 800,--. It is foar de 62ste jier dat de Rely-prizen útrikt wurde. Under de skriuwers fan de priiswinnende ferhalen is in tal bekenden dy’t ôfrûne jierren al ris earder bekroand binne. Sa stjoerde Sipke de Schiffart fan Ljouwert al trije kear in priiswinnend ferhaal yn (2006, 2010 en 2011), wylst ek Baukje Zijlstra fan Arnhem earder súkses hie (yn 2013 en 2015). By Koos Tiemersma fan Drachten meie wy fierder werom om syn namme tsjin te kommen op it listje mei priiswinners: hy wûn al in kear yn 2000. Ek yn 2015 waard hy mei de Rely ûnderskieden. Ferline jier wie dochs al in moai jier foar Tiemersma; hy krige ek de Gysbert Japicxpriis, de wichtichste priis yn de Fryske literatuer. Janneke Spoelstra fan Alde Leie wie ferline jier ien fan de winners by de fersen; no is in ferhaal fan har bekroand. Under de ynstjoerders fan priiswinnende fersen binne de measte winners wol nij. Allinnich Edwin de Groot fan Aldehaske, in âld-sjuerylid, is in bekende. Hy wûn ek al yn 2007 en 2015. Winnende fersen en ferhalen De winnende fersen binne: • Etude yn ’e rein, fan Paul van Dijk fan Workum; • Ofskie, fan Johannes Dijkman fan Noardburgum; • De bosk, fan Pieteke de Boer fan Wommels; • It rinfermogen fan in net útiten kwestje, fan Edwin de Groot fan Aldehaske; • Tún, fan Henk Nijp fan Mantgum. De winnende ferhalen binne: • De ûnwittende, fan Koos Tiemersma fan Drachten; • Nacht, fan Baukje Zijlstra fan Arnhem; • Wat resistint is, fan Janneke Spoelstra fan Alde Leie; • It geheim fan in goed houlik, fan Sipke de Schiffart fan Ljouwert. 6 Mandeguod
9 Online Touch Home