39

Mantgum rint út foar kening fan de PC Noch noait hat de keningspriis foar Mantgum sa belangryk west as woansdei 29 july 2015. Nije ynwenner Gert Anne van der Bos koe samar ris foar in feestje soargje kinne. Mei syn partoermaten Daniël Iseger en Teake Triemstra winne hja de PC! Spanning oant Johannes Westra, foarsitter fan de PC, it befrijende wurd bringt: Gert Anne kriget acht punten en is dêrmei kening fan de 162e PC. Foar it earst yn it 112 jierrich bestean fan K.F. Jacob Klaver wint in Mantgumer de PC. Fuortendalik komt it keatsbestjoer yn aksje: frywilligers foar de Wjukken, muzyk fan Gerrit Poortinga, hynder en wein fan Ruurd Hoekstra en blommen foar winners en coach. Oant betiid yn de moarn de huldiging fan de winners mei in fantastysk feest yn M.F.C. de Wjukken. It wie foar Gert-Anne de fiifde oerwinning op de PC. Twa kear earder, yn 2009 en 2010 waard er ek útroppen ta kening. Ferline jier gong de keningspriis nei Daniël Iseger. september 2015 Mandeguod 37

40 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication