41

Hank Dussen Dit jier fûn it NK Famkes op sneon 13 juny yn Dussen plak, organisearre troch de jubilearjende keatsferiening HDKC (Hank Dussen Kaats Club) In NK yn Noard Brabân. Jennie Terpstra, Bregt Arendz en Amarins de Groot fertsjintwurdigje K.F. Jacob Klaver. De famkes begûnen goed en winne mei 5-1 6-4 fan Minnertsgea. Yn de twadde omloap wie Ried de tsjinstanner. It begjin wie wat stroef, Mantgum kaam mei 1-3 en 4-6 achter. Op dizze stân kaam de ommekear. Jennie sloeg de bal oer alles hinne en op 6-6 pakten hja it earst. It begûn te rinnen, Ried krige gjin buordsje mear. Suksescoach Albert Reitsema hie it partoer wer op de rit! Bregt, Amarins en Jennie koene harren no tariede op de tredde omloop. In wichtige omloop want by winst, wie d’r in steand nûmer en de beleaning in finale plakje. Mantgum gong tsjin Hallum mei faasje útein. D’r waard goed keatst en yn in omsjoch stie Mantgum mei skjinne fiif earsten foar. Mar doe begûn it keatsmoterke wat te haperjen. D’r waard wat minder mei it kopke keatst en sa behelle Hallum samar in spul. Mar fierder lieten de Mantgumer froulju it net komme en waard wûn mei 5-2 en 6-6. Yn de finale wie it twatal fan Goaiïngea de tsjinstanner. It earste buordsje wie, troch goed werom slaan fan Bregt, foar Mantgum. Letter die bliken dat it by dit buordsje bliuwe soe. Mantgum kaam nea yn de wedstriid, tsjinoer in deeglik keatsend partoer waarden d’r tefolle fouten makke. Op september 2015 Mandeguod 39

42 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication