43

de stân 5-1 en 6-4 moast Mantgum beliez jaan en wie it twatal Andrea Kroes en Sanne Hijlkema fan Goaiïngea de terjochte winner. Nettsjinsteande in 2e priis op in NK foar Jennie, Bregt en Amarins. Takom jier meie hja nochris meidwaan yn dizze kategory. Ferline jier waard de tredde priis behelle, dit jier de twadde, takom jier ………….. NK Skoaljonges yn Minnertsgea Oebele Anema is no twa jier de begelieder fan it skoaljonges partoer Gjalt Sjirk de Groot, Ignas Dijkstra en Jelle Terpstra fan Mantgum. Fiif á seis kear it jier geane hja d’r op út. Ferline jier meastal yn de earste omloop d’r ôf, soms koenen hja twa potsjes keatse. Ek de earste twa partijen fan dit keatsseizoen lefere gjin pryske op. Mar by de tredde ôfdielingswedstriid yn Dronryp sieten hja by de priiswinners, it waard in fjirde priis. In wike letter op sneon 20 juny it NK yn Minnertsgea. Meiinoar mei Oebele yn de auto d’r hinne. Yn de earste omloop waard d’r keatst tsjin Hommerts-Jutryp. Gjalt de Groot efter yn it perk en foar bêst op, foaryn Jgnas Dijkstra en Jelle Terpstra foar minst op. Mei deeglik keatsspul wûn Mantgum dizze partij mei 5-1 en 6-4. De twadde omloop wie Niawier/Mitselwier/Easternijtsjerk de tsjinstanner. Ek dit wie net al te dreech, in regelmjittige oerwinning, it waard 5-2 en 6-2. Trainingspak oan, hapke iten en de rêst bewarje. De coach hat it goed yn ’e hân. De tredde omloop, tsjinstanner Menaem, de favoryt foar de einoerwinning. It waard de bêste partij fan de Jacob Klaver boys. Mantgum koe frij út keatse, hja hiene neat te ferliezen, allinne mar te winnen. september 2015 Mandeguod 41

44 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication