It earste buordsje wie foar Mantgum. Mantgum keatste hiel konstant. Sûnder oaren te koart te dwaan wie dit foaral de wedstriid fan Gjalt. Ek taktysk siet it goed yn mekoar. D’r waard faak yn it perk wiksele, dit hong ôf fan waard by Menaem oan de opslach stie. Ek oan de opslach waard d’r wol wiksele, dan sloeg Ignas foar minst op. Mantgum rûn fia 4-2 út nei 5-2. Menaem kaam noch ien kear werom en hellet it tredde buordsje binnen. Mar op 5-3 en 6-4 wie Menaem d’r ôf en stie Mantgum bij de lêste fjouwer. De coach seach mear mooglikheden en moast it partoer skerp hâlde. De fjirde omloop, tsjinstanner Kimswert. Kimswert hie yn de twadde omloop ûnferwachts fan Anjum (ek in kânshawwer) wûn. Karel Monfils is de sterke man by Kimswert, d’r moast om him hinne keatst wurde, wat goed slagge. Mantgum wûn op 5-3 en 6-6. Yntusken hie it goeie keatsen fan Gjalt, Ignas en Jelle Mantgum ek berikt. Supporters fanút Mantgum setten op nei Minnertsgea, hja woenen d’r by wêze. De stjinstanner wie it sterk keatsende partoer fan Eksmoarre. Eksmoarre krige yn de foargeande fjouwer partijen mar seis tsjinearsten. In wike earder hie Mantgum noch in hiele spannende partij tsjin Eksmoarra keatst, d’r wiene dus kânsen. Earst waard it Frysk folksliet foar de finalisten spile en doe gong it los. Eksmoarre keatse foaral in taktysk sterke finale. Mantgum komt in spul achter, komt werom ta 1-2, mar de folgjende buordsjes geane nei de tsjinstanner. Uteinliks giet Mantgum stridend ta ûnder en ferlize hja mei 5-2 en 6-4. Nettsjinsteande meie Gjalt, Ignas, Jelle en coach Oebele, grutsk wêze op dizze geweldige prestaasje. Snein 12 july Pearke Teatsen yn Mantgum Pearke keatsen om it iepen kampioenskip fan de gemeente Littenseradiel, foar de njoggende kear organisearre troch K.F. Jacob Klaver. Wa’t de wiken foarôfgeand fan it Teatsen op facebook of twitter fan Jacob Klaver sjoen hat, hat der grif wat fan meikrigen. It wie suver in soarte fan spam, it oandacht freegjen en lobbyen foar it pearketeatsen, troch foaral Baukje en Lyssa de grutte promotors fan dit barren. It die fertuten want mei 59 partoeren op de list hiene we in prachtige keatslist. D’r wurdt spile mei in winners en ferliesers omloop. Under lieding fan Sjirk en Jelle binne d’r njoggen teatsfjilden útlein. Hjirfoar moatte jo hegere wiskunde studearre hawwe, oars slagget it nea! De wedstriidieding waard fersoarge troch Geart en it waard wer in prachtige teatsdei. Tsjin sawn oere foel de lêste teatsslach en waarden de prizen útrikt. De winst gong nei it sterke Spannumer duo Richtsje Srikwerda en Duko Harkema. It wie lange tiid noch ûnrêstich yn, en op it terras fan, de Wjukken, dêr’t op de klanken fan “live” muzyk fan Jan Nota noch in moai feestje wie. september 2015 Mandeguod 43
46 Online Touch Home