7

Op ‘e trapers foar Make a Memory 19 septimber sil it trio Jeltsje Kramer-Tamminga, Sepkje van der Vegt-Tamminga en Laura Cook de berch Mont Ventoux betwinge. Dizze keale en steile berch beklimme je net samar; kriich, kondysje en benammen de winsk de klim ta sawol in letterlik as figuerlik hichtepunt te bringen binne tige wichtich. De fytsende froulju beklimme de berch foar Make a Memory. Dizze stifting hat him ta doel steld om op fersyk fan âlders, of mei tuskenkommen fan soarchprofesjonals, earnstich sike, stjerrende of ferstoarne berntsjes yn de âldens fan 23 wike (swierens) oantemei santjin jier te fotografearjen. De top fan Kale Berg, sa ‘t er ek wol neamd wurdt, leit op 1912 meter hichte. Hielendal boppe stiet in waarstasjon mei in opfallende stjoermêst. Renommearre fytswedstriden, lykas de Tour de France, hawwe de berch guon jierren op ‘t program stean hân yn ferbân mei de hege muoilikheidsgraad en it keale moannelânskip. Der is mar ien wei om boppe te kommen: stevich trochtraapje. Om dat te berikken hat it trio al hiel wat oeren oan it spinnen west. Mar ek toertochten waarden fytst en alle wiken lytsere ôfstannen fan sa’n 40 kilometer. Lytse kwaaltsjes waarden ferholpen mei in massaazje fan de Jorwerter sportmasseuze Karin Schaper. Stifting Make a Memory organisearret elts jier dizze tocht nei september 2015 Mandeguod 5

8 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication