boppen. Fan de dielnimmers wurdt ferwachte dat sy elts tûzen euro sponsorjild bydrage, dizze sinten wurde brûkt om it wurk fan de stifting fuortsette te kinne. Under de namme Op ‘e trapers foar Make a Memory binne de froulju al in goed jier dwaande de stipersbydrage by elkoar te garjen. In Benefiet’S’concert, de ferkeap fan wyn, it ynsammeljen fan lege staasjejild flessen, in âld izer aksje, in fytscleanic en in moaie Memorywalk binne it ôfrûne jier al foarby kaam. Fjouwer septimber sil de ôfslúting fan alle aksjes plakfine. Fanfare Ons Ideaal fan Easterwierrum set him belangeleas yn mei har Make a Memory Concert. De besiker sil muzyk yn ferskate tema’s hearre; Fytse, Frankryk en fansels Memories binne de reade tried fan dit unike konsert. Boppedat meitsje Jeltsje, Sepkje en Laura bekend watfoar bedrach sawat in jier lang aksjefiere opsmiten hat. Sechtjin septimber reizgje de froulju ôf nei de Mont Ventoux, de njoggentjinde sille sy de berch opfytse. It plan is dat sy tweintich septimber wer oankomme yn Weidum. Jo kinne harren aventoeren folgje op harren facebookside Op ‘e trapers foar Make a Memory. Mochten jo dizze aksje en de stifting stypje wolle; dat kin noch altyd. Meitsje jo donaasje dan oer nei: NL62RABO0192392328 op namme fan J.Tamminga/L.Cook. september 2015 Mandeguod 7
10 Online Touch Home