27

Snein 10 septimber, 10.00 oere de 67e Lytse PC yn Mantgum Foar it earst op snein, wy hoopje en ferwachtsje dat it oantal partoeren dan tanimme sil! De Lytse PC, in tradysje, in keatsklassieker, in keatswedstriid frije formaasje 1e klas manlju ûnbeheind In dei mei ferskate hichtepunten, sa as: - in prachtige keatserij - in lotterij mei moaie prizen - in oersjoch fan winners fan 66 jier Lytse PC - de útferkiezing fan trouste supporter fan 1e klasse keatspartijen - op nivo ôfskie nimmende keatsers wurde yn it sinsje set - in moai feest mei live muzyk fan Sytse Haima yn de Wjukken ta ôfsluting It bestjoer fan K.F. Jacob Klaver noeget eltsenien út om dizze dei op it sportfjild fan Mantgum te kommen. It keatsen begjint om 10 oere, de muzyk spilet fanôf 16.00 oere Allegeare dus snein 10 septimber nei it sportfjild en de Wjukken, de tagong is fergees! Priiswinners Lytse PC 2016 en âldwinners Lytse PC 1966 Mandeguod 25

28 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication