42

Famme alle kearen de finale mar gongen noch noait mei it goud nei hûs. Sy wienen dus fokust op in earste oerwinning yn Mantgum mar harren krûd like fersketten doe’t se yn de tredde omloop tsjin Marsum oantrede moasten. De Marsumers keatsten deechlik en wûnen dochs wol ferrassend fan Dronryp. Wommels en Mantgum mochten ûnderling útmeitsje wa’t de finale ferkeatse mocht want de winners soenen yn de heale finale stean bliuwe. It waard in iensidige partij mei in saaklik keatsend Wommels dat frij maklik fan Mantgum wûn. Alle útslagen tredde omloop: Seisbierrum/Pitersbierrum – Ljouwert 3-5 4-6, Marsum – Dronryp 5-3 6-4, Wommels-Mantgum 5-1 6-6. Heale Finale De iennige partij yn de heale finale wie dy tusken Ljouwert en Marsum. Oant 2-2 gong it aardich gelyk op mar doe lieten de froulju fan Ljouwert efkes sjen wat se koenen. Ljouwert dy’t mar mei harren twaen keatste, keatste de hiele dei al hiel sterk. Beide froulju (Jeske de Boer en Annelien Broersma) makken mar in bytsje fouten en sloegen, sawol op as út, flink fan harren ôf. Nei de 2-2 krige Marsum net in buordsje mear en wûn Ljouwert dus op 5-2. Alle útslagen heale finale: Ljouwert –Marsum 5-2 6-4, Wommels steand nûmer. Finale Nei it Frysk folksliet, prachtich songen troch Jissy Bonekamp, koe de finale tusken Wommels en Ljouwert begjinne. Yn it earste earst waarden 7 keatsen 40 Mandeguod

43 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication