57

‘De man dy’t hout dûnsje liet’ It giet oan! Simmerfakânsje mar foar it team fan ‘De man’ net hielendal. Der waard hurd trochwurke; neitocht oer it ferrin fan de foarstelling, houtbewurkers wurden oanskreaun, besites oan houttentoanstellingen, subsydzjes oanfrege, sjoen nei fersekeringen, muzyk makke fan houtsnijlûden. ensafierder. It liket noch mar augustus (no at ik dit skriuw) mar de tiid giet razend snel. Yn oktober starte we mei repetysjes mei dûns en teater. De oare wurkgroepen sille rûn dy tiid ek foar it earst by elkoar komme. En dan, foar Mantgum it wit, is it febrewaris en stean we op de kop fanwege al it hout en alle besite.. Mar goed, sa as ús mem altyd seit, ‘ding foar ding’. En dat earste ding is ‘We ha minsken nedich’. In protte minsken helpe ús al mar we kinne noch mear brûke. Sa as bygelyks o bartjinst tiidens it festival o publyksbegelieding tidens foarstelling o publyksbegelieding tidens festival o oanklaaing betinke foar festival o oanklaaing meitsje o fjoerkoerbemanning o eksposysje(s) ynrjochtsje (fan de bern fan it skoalprojekt of fan de houtkeunstners) o helpe mei opbouwen foar muzykgroepen o klean naaie Kin jim ús hjir mei helpe? Mail ús dan mei namme, telefoannûmer en wat jim foar ús betekenje kinne. Miskien lêze jo dit wol en tinke mar ik bin goed yn . en ik kin jim fêst helpe mei dit of dat. Graach, mail ús gerust op dunsjendhout@danswil.nl Mandeguod 55

58 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication