59

Witte jo it net sa goed of wolle jo graach mear witte oer ‘De man dy’t hout dûnsje liet’? Dat komt goed út! Op tiisdeitejûn 26 septimber, fanôf 19.30 stiet de kofje en tee klear yn De Wjukken. Wy sille jim dan mear fertelle oer dit machtich moaie projekt (foarstelling, festival en skoalprojekt) en jim kinne al jim fragen stelle. Wy sjogge jim graach! Wat Ynfo jûn foar elk dy ynteressearre is of fragen hat oer ‘De man..’ Repetearjen stik ‘De man.. ‘ Dûns en teater Datum Tiisdei 26/9, 19.30, Wjukken Start 10/ 10, elke tiisdetejûn yn okt, nov, jan en febrewaris. Wy sykje ek noch dûnsers en spilers foar it beeldzjend dûnsteater. Bist tusken de 16 en 70? Fynst it leuk om te dûnsjen of te spyljen? Of liket it dy leuk? Jou jim op! We kinne 14 dûnsers en 7 spilers bruke. By it dûnsjen wurkje we op basis fan dûnsekspresje. Omt de makker fan it houtsnijwurk de oerpake fan Mata Hari wie sil har manier fan dûnsjen ús helpe. Jim krije les fan Willy van Assen. Hja is der fan oertsjûge dat elk dûnsje kin! (en it seker wer leare kin) By it spyljen gean wy oan ‘e gong mei teater fanút dysels. Do wurdst dus net in oar mar bliuwst by it spyljen ticht by dysels. We sille dwaande wêze mei wurden fan minsken dy ‘t wat te meitsjen (hân) ha mei it houtsnijwurk. Valerie van de Ridder giet hjirmei mei jimme oan ‘e slach. Groetnis Willy, namens it hiele houtteam fan ‘De man dy’t hout dûnsje liet’ dunsjendhout@danswil facebook/dunsjendhout twitter.com/dunsjendhout www.underdetoer.nl Mandeguod 57

60 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication