11

WietWetterKlub (W.W.K.) Mantgum e.o. Wietwetterklup en de man, dy’t hout dûnsje liet De Wietwetterklup hie minsken, dy’t yn it spier west hawwe foar de man, dy’t hout dûnsje liet, freed 6 july útnûge om in middei mei te farren fanút Terherne. Moai plan! Ik tocht by Wietwetterklup oan sloepen. Dus de earste ferrassing wie dat wy, Antsje Vogel, Fernanda Zwart en ik, te gast wiene op de Swannedrift. Dit skûtsje fart altiten Sinterklaas nei Mantgum ta en leit dernei yn de meast tjustere tiid fan it jier sa moai útljochte by de Wjukken. No wie it ek prachtich waar, mei in soad sinne en net te min wyn, dat wy sette gau ôf. Skipper Sytse Douwe van der Vegt, bemanning Dotinga, van der Kooy, Ernst en yn dûbelrol Wim van Eif (om’t hy ek gast wie) witte wat sy dwaan moatte en dat wie de twadde ferrassing - wy, froulju, hoege hielendal neat te dwaan, allinne mar genietsje. De slûs foarby wurde de silen hysd, motor út. Sa’n sprankeljend lûd fan it skip troch it wetter! Foar in lânrot is it dreech op it wetter koers te bepalen, fernimst wol allerhanne ‘landmarks’, mar dy lizze kompleet oars fan inoar as fanút it lân, sa liket it. Makket allegeare neat, de manlju witte it wol en wy sile troch de Dolte, Holle Grêft, Frijgerssleat en Gudzekop nei de Goaiingarypster Puollen. De sirkel is kompleet mei oer de Zoutepoelen en troch it Heerengat wer by de slûs út te kommen. It oanlizzen en te plak bringen fan alle tugaazje hawwe de manlju faker dien: yn in mum fan tiid is dat gebeurd. Efkes neisitte op it terras fan café Portunus mei bier en bitterballen en dan wer op hûs oan. Tige, tige tank manlju fan de Wietwetterklup – wy hawwe in machtige moaie middei hân!!! Mei út namme fan Antje Vogel en Fernanda Zwart, Anna Christien Piebenga Mandeguod 9

12 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication