13

Mystearje Mantgumerfeart oplost. As bestjûr fan de Wietwetterklup stienen we ôfrûne simmer foar in grut mystearje. Wat wie der dochs mei de Mantgumer feart oan de hân? Geandewei de simmer kaam it hieltyd faker foar, dat neidat we it “Mantgumer Hûske”passeard wienen, we in obstakel tsjin kamen ûnder wetter en dat dan tsjin de ûnderkant fan de boat oankaam. Ek de gasten dy't oernachten yn de passantenhaven njonken de “Wjukken” hienen der lêst fan en dienen harren beklach by de havenmeester. Tiid dus foar it bestjûr om aksje te ûndernimmen en út te finen wat dit wêze koe. Mei 215 jier libbensûnderfining, in hekkel en in protte nijsgjirrigens stapten ein july op in prachtige moandeitejûn trije bestjûrsleden yn ‘e boat om dat mystearje te ûndersykjen en mooglik op te lossen. Ûnderweis dêr nei ta, tige redenearjend wat it wêze koe, waarden alle senario’s út de kast helle. Der waard sels tocht oan mooglike sabotaazje, trochdat der miskien peallen ûnder wetter slein wienen, lykas yn Hollân ek barde dizze simmer. Oankommen op it plak dêr’t de problemen harren foardienen hearden we lykwols gjin gebonk ûnder de boat. Neidat we draaid hienen op de Swette kaam de hekkel yn aksje om ûnder wetter út te finen as we dêr ek it ien en oar tsjin komme soenen. Tige hoeden farden we al “hekkeljend” hin en wer. It risseltaat wie dat we in ûndjipte, in soarte fan richel yn’e feart fûnen, mar gjin peallen as oarsoarte obstakels. Dit foel ôf. Yn alle wiisheid en ienridigens waard der besletten om mar wer nei hûs te gean. Nei in lytse 100 meter rjochting Mantgum fard te hawwen, kamen we in driuwend stik hout tsjin. We wienen der no toch, dat der waard besletten om dit obstakel dan fuort mar mei te nimmen. Dat foel ôf, it die bliken dat it stik hout folle grutter wie dan dat we it sa yn’t earst besjen koenen. It wie in tige Mandeguod 11

14 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication