grutte stobbe dy’t foar mear as trijekwart ûnder wetter lei. Neidat we de stobbe goed besjûn hienen konkludearjen we dat we de “boosdoener” fûn hienen dy’t foar de argewaasje en de mooglike skea soarge hie. De stobbe wie “fersierd” mei allegear kleuren fan de ûnderkanten fan de ûnderskate skippen dy’t him rekke hienen. De konklúzje fan ús is dan ek, dat de stobbe achter de earder neamde ûndjipte hingjen bleaun wie, trochdat de wetterstân fanwege de droechte sa’n 15 centimeter leger wie as normaal. Dyselde moandeis hie it wetterskip de boezem wer op peil brocht en mooglik is de stobbe hjirtroch lossketten en begûn te driuwen. It mystearje wie oplost en de stobbe waard mei in strûp der omhinne achter de boat oan mei nei Mantgum ta sleept en by de trailerhelling opskuord en oan de kant lein. De trochfeart nei Mantgum ta kin wer sûnder hindernissen fearn wurde en it mystearje fan de Mantgumerfeart is foarearst oplost. Rinse de Groot iedere dinsdag bij de Poiesz in Mantgum van 15.30 tot 18.00 uur maand september 500 gr roerbak schotel voor 2 kabeljauw lekkerbek voor e 5,00 e 5,00 Mandeguod 13
16 Online Touch Home