Grins wint 15e Jong Famme Partij De jubileumpartij fan de Jong Fammen yn Mantgum is wûn troch de studintes fan Grins. Anne Monfils, Hiske Zeinstra en Marrit Zeinstra hawwe de krânsen en it gouden klaverke mei nei hûs nommen. De twadde priis wie foar: Joanne Elise Broeders, Ineke en Trea van der Ploeg út Ried en de tredde priis is wûn troch it partoer fan Sexbierum-Pietersbierum besteande út Anna Ennema, Fiera de Vries en Hendrieke van der Schoot. Foto Rinse Westerdyk Jelle, Ignas en Gjalt pakke in knappe tredde priis op de Freule yn Wommels. Woansdei 8 augustus wie de Freule yn Wommels. De Freulepartij is de belangrykste keatspartij foar jongens fan 14 oant 16 jier. De partij waard foar it earst keatst yn 1903. Dielname oan dizze partij is foar jongespartoeren fan ôfdielingen fan’e KNKB. Eltse ôfdieling meie mei maksimaal ien partoer oan’e Freulepartij dielnimme. Mandeguod 15
18 Online Touch Home