Jeugdorkestenfestival Us B-Roeken giene op 30 juny ek op nei Ljouwert, nei it jierlikse jeugdorkestenfestival. Under lieding fan Ria Fennema ferrasten sy de sjuery mei harren boartlike foarstelling oer de ‘Bremer Stadsmuzikanten’. Mei solisten Kiki, Aaltsje, Lisa en Jimte en Marijke as ferteller + schmink en ferklaaiklean; in hiele moaie en komplete akt. Mei de kompliminten fan de sjuery! Ofskie Freed 29 juny namen Dokter Lukkes en frou Lukkes ôfskie fan harren kliïntêle; de jûn in krusing tusken in resepsje en in merkejûn wêr’t triennen rôlen, oantinkens ophelle waarden mar wêr’t benammen ek hiel hurd lake waard. Omstreeks 19:15 stie Harmonie Weidum oan it begjin fan de Skildyk, dêr’t de reade loper begûn. In langer ferhaal en mear foto’s fynst op weidum.eu Lûd fan de Middelsee Wy dogge as muzykferiening mei oan it LF2018 Under de Toer projekt Lûd fan de Middelsee. Yn gearwurking mei de 17 muzykferienings oansletten by de nije federaasje Samenwerkende Muziekverenigingen Leeuwarden presentearje wy ús 30 septimber wilens in skitterjende fytstocht. Mear ynformaasje oer de fytstocht en it bestellen fan kaarten fynst op www.sml.frl. Op de aginda: 30-09: Lûd fan de Middelsee, fytstocht Mear witte? Freegje dan ynfo by: Sepkje van der Vegt of Janneke de Boer info@harmonieweidum.nl 058 251 9402 Mandeguod 37
40 Online Touch Home